Opgelost door Arriva: Sa bliuwe de bussen leech

Status
happy Opgelost
Klachtnummer
# 273336
Gebruiker
Busreizger
Datum
1 reactie

Details

De klacht

Ik wie oan de lette kant, mar om 12.21 brûsde in folslein lege bus Arriva lijn 95 my op it krúspunt Vegelinswei (20 meter fan de bushalte) foarby. Ik draafde en swaaide, mar de sjofeur seach neat blykber en ried mei gong foarby. Oere wachtsje? Nee, dus de auto nommen. Mei in lege burs wit de sjifeur dochs dat er om de tiid tinke moat!
Kloate dus.

De oplossing

1 reactie

  1. Auteur
    Arriva
    Datum
    Dit is onze laatste reactie
    Beste,

    Net leuk om te lêze dot de sjofeur fan lijn 95 dei foarby, lyk as do it seit, brûsde. Ik begryp dot it balen is! Ik begryp ek dat it bale is dat it drave en swaaie gjin sin mear hie. Wy advisearje ús reizgers wol om in oantal minuten foar vertrektiid (op syn minst 5 minuten) fan de bus by de halte oanwêzich te wêzen. Ekskuzes foar it ervaren ûngemak!

    Mei freonlike groetnis,
    ^MR
    Webcareteam Arriva

Uiteindelijke oplossing

Auteur
Busreizger
Datum
Uiteindelijke oplossing
Arriva hat grut gelyk, men heart rom foar de fertrektiid by de bushalte te wêzen. Bliuwt oer dat in sjofeur wol wat om him hinne sjen kin as er oan de betide kant is. Ek moai dat Arriva yn it Frysk antwurdet.
Status
opgelost
Beoordeling
happy

Ook een klacht indienen over Arriva?